Fiifde Europeeske titel Kramer

08 jan 2012 - 17:24

Sven Kramer is yn Boedapest foar de fiifde kear yn syn karriêre Europeesk kampioen reedriden wurden. Op de ôfslutende 10 kilometer moast konkurrint en ploechmaat Jan Blokhuijsen nei goed 5 kilometer belies jaan. Sven wûn de 10 km yn 13.45.05, Blokhuijsen ried 13.52.48. Havard Bøkko waard tredde yn it einklassemint.

Kramer wie de bêste op trije fan de fjouwer ôfstannen. In protest fan de Noaren tsjin Kramer - net mei beide redens op it iis oer de eintreek - waard troch de sjuery fersmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)