Sjinkie Knegt tredde op NK

08 jan 2012 - 17:15

Shorttracker Sjinkie Knegt is snein tredde wurden by it Nederlânsk kampioenskip shorttrack op It Hearrenfean. De titel gie nei Niels Kerstholt. Freek van der Wart waard twadde.

Knegt, de regearend nasjonaal kampioen, belibbe in rûzich kampioenskip. Materiaalpech en fallerij soargen derfoar dat er prolongaasje fan syn titel wol ferjitte koe. Mei in fernimstige oerwinning op de 3000 meter wist de Bantegeaster dochs noch genôch punten te heljen foar de brûnzen medalje.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt NK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)