Farferbod moandei opheft

08 jan 2012 - 17:05

Skippen meie fan moandeitemoarn seis oere wer fan provinsjale farwegen gebrûk meitsje. Dan wurdt it farferbod opheft, sa makke de provinsje snein bekend. Mar omdat de wâlskanten fan it Prinses Margrietkanaal noch tige min binne mei tusken Terherne en Strobos net hurder fearn wurde as 7 kilometer yn de oere. Boppedat meie de skippen inoar net ynhelje, net ticht opinoar farre en gjin sûging en golfslach feroarsaakje.

By de slûs by De Lemmer lizze in soad binnenfeartskippers te wachtsjen oant se wer farre meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)