Ireen Wüst tredde op EK

© www.awfoto.nl
Ireen Wüst is snein tredde wurden by it Europeesk kampioenskip allround yn Boedapest. It goud wie foar de Tsjechise Martina Sábliková en it sulver foar de Dútse Claudia Pechstein. Op de lêste ôfstân, de 5 kilometer, einige Wüst op it tredde plak efter Sábliková, dy't yn in tiid fan 7.22.38 fierwei de rapste wie. Claudia Pechstein waard twadde. Linda de Vries en Diane Valkenburg einigen op it fjirde en fiifde plak.
Foar Sábliková wie it de fjirde Europeeske titel.