Blokkade-ynrydster: 'deaslach'

08 jan 2012 - 14:29

De 22-jierrige autobestjoerster út Hallum dy't sneon op in plysjeblokkade ynriden is, is oppakt foar besykjen ta deaslach. Se wie nei in wylde achterfolging yn Aldegea Smellingerlân yn folle gong op twa plysje-auto's ynriden dy't by wize fan blokkade heal op de dyk stiene. De plysjes koene krekt op de tiid oan de kant springe.

Dêrfoar wie se by de achterfolging út Ljouwert wei mei 100 km yn de oere troch de doarpen Wergea, Warten en Earnewâld stood. De plysje achterfolge har om't se pakt wie sûnder rydbewiis en dochs wer yn de auto stapt wie om sels te riden.

De beide plysje-auto's en de auto fan de frou binne total loss. De plysje siket tsjûgen fan it foarfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)