Man soe famkes slein hawwe

Plysje © Omrop Fryslân
In man fan 25 jier is sneontenacht yn Bertsum oanhâlden foar mishanneling. Hy soe in famke fan 18 jier yn in diskoteek mei de fûst tsjin de holle slein hawwe. Se hie him derop oansprutsen dat er rûzje makke hie mei in oar famke. Dat 18-jierrich famke út Ljouwert sei dat de man har op de dûnsflier trije kear yn it gesicht slein hie.
De plysje hat de man meinaam foar ferhear. De beide fammen hawwe oanjefte dien.