Ferlies follybalfroulju Snits

08 jan 2012 - 13:39

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneon de earste wedstriid fan 2012 mei 3-1 ferlern fan TFM/DOK. Yn in lykopgeande striid wie it de thúsklup út Dwingeloo dy't oan de langste ein luts. De setstannen wienen 25-22, 26-24, 14-25 en 25-16.

Nei tsien wedstriden stean de Snitser froulju op in sechsde plak.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)