Boargemaster stapt earder op

08 jan 2012 - 11:28

Boargemaster Paul Scheffer fan Harns hâldt der earder mei op as earst de bedoeling wie. Scheffer kundige yn septimber oan dat er ôfsjocht fan in twadde termyn en werbeaming yn Harns. Hy soe der dan yn juny fan dit jier mei ophâlde.

Yn syn nijjierstaspraak fertelde de boargemaster lykwols dat er op 1 febrewaris al fuortgiet. Hy docht dat om persoanlike redenen, sei er. Paul Scheffer is sûnt 2006 boargemaster fan Harns.

Trefwurden: 
Harns boargemaster ôfskied
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)