Minder soarchwenten yn Grou

08 jun 2013 - 15:10

Wenningkorporaasje Elkien sil oan de Gruttostrjitte yn Grou minder soarchwenten bouwe as earst soe. It plan wie om 23 apparteminten foar senioaren mei soarch oan te bieden. Dat wurde no sechstjin. It giet om normale wenten dy't wol geskikt binne foar senioaren mei soarch.

Dat der minder wenten komme, hat ûnder oare te krijen mei de kabinetsplannen foar besunigings yn de soarch. It projekt fan Elkien yn Grou is in gearwurking mei Zorggroep Noorderbreedte.

Trefwurden: 
Grou Elkien soarchwente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)