Thússoargers yn protest

08 jun 2013 - 14:25

Fjouwer bussen fol Friezen binne sneon ôfreizge nei Amsterdam om te protestearjen tsjin besunigings yn de thússoarch. Fakbûn Abvakabo FNV hat in demonstraasje organisearre yn de omkriten fan it Oosterpark. De dielnimmers yn de stoet moasten in soad leven meitsje.

De lanlike polityk praat moandei yn Den Haag yn in debat oer besunigings yn de thússoarch. Dy soene op syn minst 50.000 minsken harren baan kostje, neffens de Abvakabo. De winsten fan de ynstellings yn de âldereinsoarch hawwe noch nea sa heech west, meldt de Abvakabo sneon ek.

Trefwurden: 
protest thússoarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)