Stâl foar 400 kij yn Eastrum

08 jun 2013 - 12:37

Yn Eastrum is in megastâl iepene foar 400 kij fan de bruorren Wienia. Sy hawwe no goed 300 kij en wolle stadichoan útwreidzje nei 400.

De nije stâl hat in soad foardielen, neffens de Wienia's. Sa is er enerzjyneutraal fanwege sinnepanielen en it klimaat is better te behearskjen. Neffens Anne Pieter Wienia hat de ko it yn 'e stâl better as bûtendoar. De stâl is freed iepene foar boeren en oare faklju. Sneon is der iepen dei foar belangstellenden.

Trefwurden: 
kij megastal Eastrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)