Suzanna fan Balk wint Sjong

Suzanna Pleiter wint Sjong 2013
Suzanna Pleiter fan skoallemienskip Gaasterlân yn Balk is winner wurden fan de edysje 2013 fan Sjong. Dat is it Frysktalich sjongfestival foar jongerein. De finale waard freed hâlden yn teater De Koarnbeurs yn Frjentsjer. Dêr diene tolve jongeren oan mei.
Neffens de sjuery wie Suzanna Pleiter de bêste mei har útfiering fan Fiel my goed, in selsmakke oersetting fan Feeling good fan Nina Simone. Twadde waard Amerens Jongsma fan skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns. It tredde plak wie foar Jenny Semplonius fan it Magister Alvinus yn Snits.
De SjONG YouTube-priis gie nei Piet Kroes. Fan de jongeren dy't audysje dienen waard syn klip it meast besjoen op YouTube.