Wetterprojekt Mozambyk troch

08 jun 2013 - 10:01

It Fryske projekt 'skjin wetter foar Mozambyk' wurdt ferlingd oant desimber 2015. Freed is in hanteken setten troch deputearre Schokker, dykgraaf Paul van Erkelens en wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân.

It Fryske projekt foar ferbettering fan sanitêre foarsjennings yn Mozambyk rint al sûnt 2010. It derfoar soarge dat op 140 basisskoallen wc's binne en dat 200.000 bern harren hannen waskje kinne as se nei it húske west hawwe. It wetterprojekt wreidet him no mear út nei it noarden fan it lân.

Trefwurden: 
Mozambyk wetterprojekt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)