Fierljepprimeur Burgum

07 jun 2013 - 23:51

Burgum hie freed de primeur mei de earste fierljepwedstriid yn de nasjonale kompetysje. Dy kompetysje is op fersyk fan de bêste ljeppers fan it Fryske en it Hollânske bûn opset om sa faker tsjininoar te springen. Op elke barte komme de tolve sterkste ljeppers yn aksje yn de kategoryen senioaren, junioaren en froulju. De earste titel gie nei Jaco de Groot út Woerden. Yn syn seisde sprong gie hy Bart Helmholt (19.52) en Thewis Hobma (19.37) foarby mei 20.01. Der komme dit seizoen noch trije nasjonale wedstriden.

Ek de oare beide titels gienen nei Hollân. By de froulju wûn Dymphie van Rooijen út IJsslestein mei 15.20 en by de junioaren wie Erwin Timmerarends út Montfoort de sterkste mei 17.50 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)