Wer nei Fryske stavering sjen

07 jun 2013 - 23:13

It Skriuwersboun wol dat de provinsje en de Fryske Akademy opnij sjogge nei it beslút in nije Fryske stavering yn te fieren. Dat is de útkomst fan in diskusjejûn freed fan leden fan it Skriuwersboun.

De Fryske Akademy hat de feroarings betocht. De Akademy wurket oan in standertwurdlist foar it Frysk. Doe die bliken dat in pear wurden ûnlogysk stavere waarden. Dêrom binne de regels op in pear punten oanpast en in oantal wurden feroare. Sa sil televyzje tenei mei in f skreaun wurde en droech mei in û.

Neffens it Skriuwersboun hat der te min diskusje mei it fjild west oer de nije stavering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)