Brân Feinsum tusken twa huzen

07 jun 2013 - 20:44

Yn Feinsum hat freed oan it begjin fan de jûn in brân west yn snoeiôffal tusken twa huzen oan de Holdingawei. De brânwacht fan Stiens is earst oproppen, mar it korps fan Ferwert is ek noch ynskeakele omdat mear wetter nedich wie. It fjoer ûntstie troch de droechte en sloech oer nei in rige konifearen en wat opslach fan hout. Troch it fjoer drigen ek noch twa túnhúskes yn de brân te fleanen. De brânwacht koe dit foarkomme. De konifearen binne wol hielendal opbrând.

Trefwurden: 
brân konifear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)