Ynnovaasjejild smyt te min op

07 jun 2013 - 18:20

It jild dat de trije noardlike provinsjes stekke yn ynnovaasjeprojekten smyt net genôch resultaat op. Dat docht bliken út in rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer. Dy hat ûndersyk dien nei it effekt fan de subsydzjes dy't yn ûndersyk en ûnderwiis stutsen bine yn de ôfrûne jierren. Oer de perioade 2003-2011 giet it om mar leafst 200 miljoen euro.

It effekt fan dat jild is neffens de Rekkenkeamer yn guon gefallen mar beheind. Benammen projekten dy't rjochte binne op fûneminteel ûndersyk smite net in soad op.

De Rekkenkeamer hat ek krityk op it grutte tal organisaasjes dat him dwaande hâldt mei it oanstjoeren fan de projekten. Dat binne der neffens de Rekkenkeamer tefolle en dêrtroch is net rjocht dúdlik wa't no wat docht. Foar Provinsjale Steaten is it dêrtroch dreech nei te gean wat der mei it jild bart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)