Riemer: ûndersyk net neutraal

07 jun 2013 - 16:03

Earefoarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrefean fynt it ekstern ûndersyk fan professor Nobelen net neutraal. Tongersdei waard bekend dat in ûnôfhinklik bestjoersadviseur de situaasje by SC Hearrenfean ûndersykje sil nei oanlieding fan de oanhâldende ûnrêst. It stichtingsbestjoer hat professor Paul Nobelen frege yngripend ûndersyk te dwaan.

Van der Velde pleitet foar in ûnôfhinklik ûndersyk troch boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean. It stichtingsbestjoer hat foar professor Nobelen keazen.

It duorret boppedat te lang foardat de útkomsten presintearre wurde, neffens Van der Velde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)