Streutker ferlingt kontrakt

07 jun 2013 - 13:55

Sintrale ferdigener Jens Streutker hat syn kontrakt by Sportklup Hearrenfean mei twa jier ferlingd, mei in opsje foar noch in jier. De 20-jierrige ferdigener spilet al inkelde jierren by de fuotbalakademy fan SC Hearrenfean en is op dit stuit in fêste krêft yn it belofteteam.

Kommend seizoen sil Streutker him oanslute by de seleksje fan it earste alvetal. De ferdigener is gjin ûnbekend gesicht foar de ploech. Yn de winterstop hat er al mei west op it trainingskamp yn Portugal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)