Frans Bauer stipet FD

Sjonger Frans Bauer is ien fan de bekende Nederlanners dy't it Frysk Deiblêd stypje. Hy hat in stipeferklearring set op de site krantredden.nl. It FD siket mei de nije lanlike webside help oer de provinsjegrinzen. Geart Mak en Oek de Jong stean ek by de stipers.
It Frysk Deiblêd hat rap jild nedich, om't de krante yn gefaar komt. Der moat goed 500.000 euro op it kleed komme. Yn Fryslân draait de aksje no goed trije wike. Dat hat oant no ta 285.000 euro opsmiten, mar dat is net genôch.
De syktocht om jild soarge ek lanlik foar de reaksjes. Dêrom hat haadredakteur/direkteur Lútsen Kooistra besletten om de aksje út te wreidzjen mei in ynternetside.