Rúttriuwer yn bewar steld

07 jun 2013 - 10:31

In 20-jierrige Dokkumer is yn bewar steld fanwege it troch in rút triuwen fan in Grinzer yn Dokkum. Hy waard moandei oanhâlden. Sneon waard in 21-jierrige Grinzer troch in rút treaun. Flak dêrnei melde in 18-jierrige Dokkumer him by it sikehûs mei in ferwûne hân. Hy is oanhâlden foar de mishanneling. De 21-jierrrige Grinzer hie ferskate snijplakken, ûnder oare by de kiel. Hy koe nei de behanneling wer nei hûs. In 19-jierrige Dokkumer is ek noch oanhâlden.

Fertochten en slachtoffer sieten by twa groepen dy't rûzje mei-inoar krigen

De Grinzer waard troch in rút fan in wenhûs treaun oan de Ealzumerpoarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)