Avanti rjochtet him op froulju

ZVV-Avanti Stiens © Omrop Fryslân
Sealfuotbalklup Avanti út Stiens hellet it manljusteam frijwillich út de earste divyzje en rjochtet him takom seizoen op de frouljusseleksje. Ferline jier degradearren de manlju út de topdivyzje, wêrnei't in soad spilers de klup ferlieten om't Avanti de fergoedings net langer betelje koe. Neffens it bestjoer kin de klup gjin twa teams op it heegste nivo finansiere.
Der is besletten om de blik te rjochtsjen op de froulju, dy't op dit stuit yn 'e haadklasse spylje. By promoasje wachtet de lanlike earedivyzje, it heegste nivo yn Nederlân.