Rie Harns wol oplossing Klaver

De gemeenteried fan Harns besiket de problemen mei projektûntwikkelder Wopke Klaver los fan elkoar op te lossen. De riedsleden hoopje sa in trochbraak te berikken yn it konflikt mei him. Klaver kin it mei de gemeente ûnder oare net iens wurde oer útwreiding fan syn winkelsintrum Kimswerda en oer it fierder ûntwikkeljen fan de nijbouwyk Ludinga.
Oan no ta beynfloede it ôfhanneljen fan de iene saak de ôfhanneling fan de oare. De gemeenterie hat tongersdeitejûn besletten de saken no los fan elkoar oan te pakken.
Mocht dat net slagje, dan sille saken eventueel ek los fan elkoar foar de rjochter brocht wurde.