Brân oan Pieter Stuyvesantwei

© ANP XTRA
Yn in portykflat oan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert hat freedtemoarn in lytse brân west. It gie om in wente op de boppeste ferdjipping. De brânwacht hie it fjoer nei in kertier ûnder kontrôle. Ut foarsoarch binne de 8 apparteminten yn de flat ûntromme. Buorlju koene lykwols rap werom yn har hûs.
De bewenner is mei brânwûnen oan 'e earm nei it sikehûs brocht. Yn it appartemint is in soad roet- en reekskea. De rest fan de wente hat gjin skea. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.