35 ploegen by Schuttevaerrace

07 jun 2013 - 07:24

De 31e edysje fan de Schuttevaerrace giet freed mei 35 ploegen fan start yn Starum. De race is in útdaging foar sporters dy't 48 oeren lang sile, fytse en drave sille. Om 09.00 oere jout de eardere foarsitter fan it Wettersportferbûn, Hugo Snoeck, it startskot.

De race giet fia Koarnwertersân, Teksel, Flylân, Harns en Skylge werom nei Starum. De earste dielnimmers sille nei ferwachting begjin sneontejûn oer de einstreek komme. Under de dielnimmende ploegen sitte ek in tal Dútske teams en in ploech út Ingelân.

De ôfrûne jierren hie de Schuttevaerrace te meitsjen mei min waar. Dêrtroch hellen lang net alle ploegen de einstreek. Dit jier mei de organisaasje rekkenje op sinneskynwaar en in lytse groei yn it tal dielnimmers. Benammen yn de frije klasse binne in soad nije oanmeldings.

Trefwurden: 
Starum Schuttevaerrace
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)