Lederied stipet wedstriid KNSB

Terpstra earder by it yn ûntfangst nimmen fan hantekens foar Thialf © ANP
De lederied fan reedrydbûn KNSB stiet achter de wedstriid dy't it bûn útskreaun hat foar in nije topsportlokaasje. Dat die tongersdei bliken by in ledegearkomst op it haadkantoar fan de KNSB yn Utert.
De 720 oansletten reedrydferienings en de acht gewesten hawwe alle fertrouwen yn in goed ferrin fan de striid tusken Almere, Zoetermeer en It Hearrenfean. Foarsitter Doekle Tersptra seit wiis te wêzen mei de massale stipe dy't it bestjoer krigen hat. Dat jout harren de kâns om it proses soarchfâldich ôf te meitsjen.
Op 8 augustus wurdt bekend makke oft Thialf de striid wint, of dat dochs ien fan de beide oare reedrydhallen de nije topsportlokaasje wurdt.