Boargerinisjatyf yn Drachten

06 jun 2013 - 21:22

Mei it yntsjinjen fan in boargerinisjatyf hoopje de ûndernimmers oan it Molenend yn Drachten it Drachtsterfeartplan flink oan te passen. Sa wolle se dat it nij te graven wetter al folle earder ophâldt. It soe neffens harren net oant it kariljon trochrinne moatte, sa't de gemeente wol, mar 70 meter earder ophâlde moatte.

Sa soe der romte komme foar in lyts plein. Op dat plein soene dan wer aktiviteiten plakfine kinne dy't minsken nei de winkels lûkt. Inisjatyfnimmers Jeen Veenstra en Jan IJsbrandy hawwe 400 hantekeningen sammele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)