V.d. Meulen út rfk Hearrenfean

© SC Hearrenfean
Theun van der Meulen is per direkt út de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean stapt. Van der Meulen kin him net langer fine yn de skaplike en oplossingsrjochte hâlding fan de direksje en de rfk. Foar Van der Meulen stiet fêst dat earefoarsitter Riemer van der Velde in diskutabele rol spilet yn de ûnrêst dy't de lêste tiid ûntstie binnen de klup.
Van der Meulen wie 23 jier foarsitter fan sakeklup OSSH en 6,5 jier lid fan de ried fan kommissarissen.
Foar syn grutte fertsjinsten foar de klup is hy beneamd ta 'Heer van Heerenveen'.