Robert M. yn kassaasje

© Omrop Fryslân
Advokaten Wim Anker en Tjalling van der Goot sille Robert M. net langer bystean wannear't hy by de Hege Ried yn kassaasje giet tsjin syn straf.
Robert M. is yn april feroardield ta 19 jier sel en tbs mei twangferpleging yn in grutte sedesaak. M. hat him as groepslieder yn in kresj yn Amsterdam skuldich makke oan grutskalige ûntucht. Wêrom't de beide advokaten M. net langer fertsjintwurdigje, wolle se net sizze.