Underhâld nei sportferienings

De gemeente Achtkarspelen kin elk jier 70.000 euro besparje, troch it ûnderhâld fan de sportfjilden dwaan te litten troch de sportferienings. Dat seit in wurkgroep dy't ûndersyk dien hat nei it ûnderhâld fan de fjilden. It jild dat oerbliuwt kin brûkt wurde foar de renovaasje fan de sportfjilden en de oanlis fan keunstgers.
Frijwilligers fan de ferienings kinne bygelyks de fjilden meane, mar de gemeente bliuwt ferantwurdlik foar spesjalistysk ûnderhâld, lykas herstelwurk en drainaazje.