Kontrôles yn Ferwerderadiel

© ANP XTRA
De plysje hâldt de kommende tiid snelheidskontrôles yn de gemeente Ferwerderadiel. De plysje docht dat yn opdracht fan de gemeente. Bewenners fan ferskate doarpen oan de Ljouwerterdyk ha by de gemeente klachten yntsjinne oer hurdriders. It giet om Ferwert, Marrum en Hallum. De plysje sil kontrolearje mei de lasergun op tiden dat de bern nei skoalle gean.
De kontrôles binne neffens de plysje bedoeld om de ferkearshufters derút te pikken. Oertredings binnen de beboude kom wurde swierder beboete as dy bûten de beboude kom.