SC Hearrenfean hellet doelman

Doelman Chiel Kramer hat in kontrakt tekene by SC Hearrenfean foar ien seizoen. De 21-jierrige Kramer kaam yn it ferline út foar Haarlem en komt sûnt 2007 út foar Ajax. It ôfrûne seizoen siet hy meardere kearen op 'e bank by de lânskampioen.
Technysk direkteur Johan Hansma: "Chiel is een talentvolle keeper. De komende tijd gaan we graag met hem aan de slag om hem door te ontwikkelen als mogelijk toekomstige eerste keeper." Kramer wie transferfrij en is helle as tredde doelman efter Kristoffer Nordfeldt en Brian Vandenbussche.