Sport en kultuer op 2 plakken

06 jun 2013 - 15:16

De wichtichste foarsjennings foar De Gordyk komme op twa lokaasjes. Alle sportfoarsjennings komme by sportsintrum Koartsweagen en op it plak fan de Burgemeester Harmsmaskoalle komme it nije kultureel sintrum De Skâns, twa basisskoallen, in muzykskoalle en in berne-opfang. Dat stelle boargemaster en wethâlders fan Opsterlân foar.

De kosten binne 6,9 miljoen euro, twa miljoen euro goedkeaper as de bou fan ien brede multyfunksjonele akkomodaasjes by de Boargemeester Harmsmaskoalle.

De gemeenteried fûn dat in goede opsje, mar neffens b. en w. is dat te djoer. Yn 2015 moat ûnder oare de nije Skâns klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)