Nêsten opskood foar feest

06 jun 2013 - 14:16

De organisaasje fan Slachtepop yn Wommels hat in strânljipnêst ferpleatst dat op it plak lei dêr't de feesttinte komme moat te stean. As sa'n nêst yn ien kear in hiel ein ferpleatst wurdt, komme de âlden net werom. Dêrom hat de famylje Greidanus it nêst alle dagen trije meter opskood en skoden de âlden mei op. Krekt op tiid hat it nêst no de râne fan it lân berikt. De ferwachting is dat de pykjes oer twa wike út it aai komme sille.

Slachtepop, in grut muzykfeest, is kommende sneon op it lân fan Greidanus oan de Littenserbuorren by Wommels.

Trefwurden: 
Wommels strânljip Slachtepop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)