Jonge oerfallen en bestellen

06 jun 2013 - 12:23

In 17-jierrige jonge út Nijlân is woansdeitemoarn yn Snits oerfallen en bestellen fan syn fyts. De jonge fytste om healwei tolven hinne tusken de Obe Postmastrjitte en de sportfjilden oan it Schuttersveld, doe't twa ûnbekende manlju fan in jier as tritich him tsjinholden.

De jonge waard mei in mes bedrige en moast syn fyts ôfjaan. De oerfallers naaiden dêr mei út. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha har te melden. It fytspaad wurdt foaral in soad brûkt troch learlingen fan skoallemienskip Bogerman.

Trefwurden: 
Snits oerfal Nijlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)