Man rydt troch nei ûngelok

De plysje hat woansdeitejûn yn Grins in 39-jierrige man út Burgum oanhâlden, omdat er mei syn snorfyts trochriden wie nei in oanriding. Letter krige de plysje in melding dat der in snorfytser ûnderútgien wie. Doe't se der kamen, die bliken dat it om de man út Burgum gie. Dy wie ûnder ynfloed fan alkohol of drugs, sadat de plysjes gjin kontakt mei him krije koene.
De man is nei it sikehûs brocht. Ut ûndersyk die bliken dat de snorfyts stellen wie en dat de man ek gjin rydbewiis hie.