Fryske stavering net feroarje

06 jun 2013 - 10:51

Mear as 100 ûndertekeners roppe provinsjale steaten op om de Fryske stavering net oan te passen. Under har binne in tal heechleararen lykas Philippus Breuker en Goffe Jensma, mar ek skriuwers as Eeltsje Hettinga en Abe de Vries. Sy fine dat der hielendal gjin reden is foar de feroarings. Boppedat hat it te min draachflak.

De steaten kinne neffens de aksjefierders maklik werom komme op de plannen, want de definitive regeling moat noch oannaam wurde. De hantekens binne woansdei oanbean oan deputearre De Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)