'Wedstriid KNSB moat ophâlde'

05 jun 2013 - 22:41

De KNSB en NOC*NSF moatte sa gau as mooglik ophâlde mei de wedstriid hokker iisstadion fan 2016 ôf de topsportstatus krijt. Dat seit kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Alle trije inisjatyfnimmers, it Icedôme yn Almere, it TranSportium yn Zoetermeer en Thialf op It Hearrenfean, hawwe beswier makke tsjin de proseduere. Alle partijen wrakselje mei de wedstriid. Wat de KNSB en NOC*NSF op 8 augustus ek beslute, der sille altyd juridyske prosedueres komme, seit Jorritsma. 

De kommissaris slút net út dat de provinsje juridysk 'tot het gaatje' giet by it misrinnen fan de topsportstatus foar Thialf. KNSB-foarsitter Doekle Terpstra hat Fryslân ommers yn in brief tasizzings dien oer Thialf yn de takomst.

Trefwurden: 
Thialf John Jorritsma KNSB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)