Teloarstellend EK Jansma

08 jan 2012 - 00:23

Sybren Jansma en syn stjoerman Edwin van Calker ha in teloarstellend Europeesk kampioenskip yn it bobslydzjen meimakke. Yn Altenberg kamen de beide bobbers, yn de wedstriid dy't ek meitelde foar de wrâldbeker, net fierder as it achttjinde plak. Foar it EK, de opskienne list, betsjutte dat in 16e plak. Van Calker en Jansma moasten 1.64 sekonden tajaan op de Dútske winners Florschütz/Kuske. Yn de start hie Van Calker noch hinder fan syn hamstringblessuere. Troch de snie waard der mar ien omloop slide.

Trefwurden: 
bobslydzjen Sybren Jansma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)