Eigen-Krachtcafé foar Minima

Yn Ljouwert moat in Eigen-Krachtcafé komme foar de minima. Dat fynt in groep Ljouwerters dy't sels rûn komme moat fan in minimum ynkommen. De ôfrûne tiid hat in wurkgroep dwaande west om te sjen wat foar oplossings de minima sels hawwe om earmoed te bestriden. Sa docht bliken dat it foar de minima faak dreech is om by ynstânsjes oan te klopjen, om't de drompel dêr te heech is. In Eigen-Krachtcafé soe dêr in ein oan meitsje moatte. Yn it kafee soene ûnder oaren wurkshops jûn wurde moatte oar it ûntwikkeljen fan talinten.
Ek moat der ynformaasje te krijen wêze oer ûnder oaren it oanfreegjen fan in útkearing. Wethâlder Ekhart fynt it plan posityf en seit dat hy besjen sil oft der ek echt sa'n kafee komme kin yn de stêd.