Seaddehûs hast klear

It Seaddehûs yn Furdgum is hast klear. Woansdei is it dak tichtmakke. In jier lyn kaam it Yeb Hettinga Museum mei it idee om in midsieusk seaddehûs te bouwen, om sa mear besikers nei Furdgum te lûken. Dêrneist wolle archeologen graach te witten komme hoe't sa'n hûs eartiids boud waard en hoelang't sa'n bouwurk stean bliuwt yn waar en wyn. De offisjele iepening fan it Seaddehûs is oer twa wiken, mar neffens de organisaasje is der no al in soad belangstelling.