Ynwenners It Bilt tsjin fúzje

05 jun 2013 - 18:46

De grutte mearderheid fan de ynwenners fan de gemeente It Bilt is tsjin de gemeentlike weryndieling yn Noardwest-Fryslân. Dat docht bliken út eigen ûndersyk fan lokale krante De Bildtse Post en de NHL hegeskoalle yn Ljouwert. Rom 70 persint fan de dielnimmers oan it ûndersyk wol dat It Bilt selstannich bliuwt. In fúzje mei Menameradiel, Frjentsjerteradiel en Harns sjogge se net sitten. De útslach is opmerklik om't dy fúzje yn de gemeenteried wol rekkenje kin op in mearderheid. Op It Bilt wurdt gjin offisjeel referindum hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)