Gjin steatsstipe nij Thialf

It jild dat de provinsje frijmakket foar in nij Thialf is dochs gjin yllegale steatsstipe. Dat docht bliken út nij ûndersyk troch de lânsadvokaat yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Dat stiet yn in brief dy't woansdei nei Provinsjale Steaten stjoerd is. Yn de kommisjegearkomste is woansdei praat oer it definityf frij meitsjen fan 50 miljoen euro foar de bou fan in nij Thialf.
Dêrby is ek praat oer de útspraken fan kommissaris Jorritsma yn de NRC fan ôfrûne wykein.
Hy soe sein hawwe dat de striid dy't der no is mei Almere en Zoetermeer oer it reedriden foar in part komt troch de trage beslútfoarming yn Fryslân.