Einekroas as feefoer

Feehâlder Adema op 'e Lemmer krijt tongersdei in kweekfiver foar einekroas. De fiver wurdt brûkt foar grutskalige produksje fan einekroas as feefoer. It is in eksperimint foar twa jier. It is foar it earst dat by in boerepleats yn Nederlân sa'n einekroasfiver yn gebrûk nommen wurdt. Einekroas groeit goed op wetter mei dong. Der sit 40 prosint aaiwyt yn, dat yn feefoer as duorsum alternatyf tsjinje kin foar soaja. De fiver is 30 by 100 meter grut. Deputearre Johannes Kramer is tongersdei by de iepeningshanneling.
Op lytse skaal is al eksperimintearre mei einekroas as feefoer, bygelyks by de Dairy Campus.