Concours Hippique yn Snits

05 jun 2013 - 15:30

It Concours Hippique yn Snits is al jierren ien fan de grutste konkoersen fan Noard-Nederlân. De kommende fiif dagen is der in ferskaat fan 2200 dielnimmers oan regionale en nasjonale topruters en hynders te sjen. Mei it moaie waar hopet de organisaasje op in pear tûzen ekstra besikers. It evenemint is noch net hiel bekend by it publyk. De organisaasje hopet op 10.000 oant 12.000 besikers. It konkoers begjint woansdeitejûn mei de springwedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)