Mid-Fryslân ferrast tsjin SKF

07 jan 2012 - 21:54

Mid-Fryslân is it kuorbaljier 2012 begûn mei in moaie oerwinning (26-25) tsjin de nûmer twa SKF út Veenendaal. Trainer Peter Tolsma, hy hâldt nei trije seizoenen op by de klup út Reduzum en Grou, hie de opstelling feroare. Wiebe Huitema en Marvin Smorenburg wiene wer fakgenoat en mei José van der Werf en Janny Huitema die dat fertuten. Dit 'tûke' fak makke 16 doelpunten. Sander Hageman, debutant yn sporthal De Twine, wie yn it oare fak goed foar fiif goals. Mid-Fryslân hat no fiif punten út sân wedstriden. SCO en LDODK treffe inoar snein yn Wolvegea.

Koprinner OVVO út Maarssen rûn yn Wageningen tsjin it earste ferlies oan. VADA wûn mei 19-18.

Trefwurden: 
kuorbal Mid-Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)