Sitewaasje yn Fryslân feilich

De sitewaasje mei it hege wetter is ûnder kontrôle. Dat hat it Wetterskip Fryslân sneontejûn bekend makke. It wetterpeil sakket hieltyd fierder en troch alle yngrepen binne de probleemkaden no sterk genôch. It risiko op in trochbraak is no noch mar lytser as 10 prosint. Bewenners fan De Burd en rekreaasjepark Yn 'e Lijte by Grou meie dêrom wer werom nei harren wenning. Ek it Regionaal Beleidsteam (RBT) is ûntbûn.
Hjirtroch is no allinnich it Wetterskip ferantwurdlik foar it behear fan it wetter. De ferwachting is dat troch it spuien it wetterpeil sneintenacht wer op in normaal nivo leit.
Ek de ôfsetting by kamping Burgurmermar is fuorthelle. Hjir rint gjin wetter mear oer de dyk. It farferbod dat no noch jildt wurdt moandeitemoarn om 6 oere ynlutsen.