Oanjefte tsjin hûne-eigener

05 jun 2013 - 12:44

De plysje docht oanjefte tsjin in hûne-eigener út Appelskea. Twa fan syn Stafford-Terriërs foelen moandei in plysjehûn oan. Dy rekke ferwûne. De plysjefrou, dy't de tsjinsthûn oan it útlitten wie, hat in tredde Staffordterriër deasketten. Omdat se dat die mei har tsjinstwapen, wurdt in geweldsrapport opmakke foar de offisier fan justysje. De plysjehûn, in Mechelske herder mei de namme Rocky, is lang út de running. De plysje achtet de hûne-eigener dêrfoar oanspraaklik, omdat dy syn hiem net ôfsletten hie en de hûnen sa ûntsnappe liet.

Trefwurden: 
plysje hûn Appelskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)