Rob Bats tydlik nei Skylge

05 jun 2013 - 12:34

Rob Bats is beneamd as waarnimmend boargemaster op Skylge. Dat is woansdei bekend makke. Bats folget Jurrit Visser foar ûnbepaalde tiid op, dy is op fakânsje yn Turkije ferwûne rekke by in falpartij. Der is gjin sicht op wannear't Visser folslein better is. De VVD-er Bats wie in lyts jier boargemaster yn Haren, mar stapte nei de Facebook-rellen dêr op.

Foar syn tiid yn Haren wie de 51-jierrige Bats ûnder oare deputearre yn Drinte.

Trefwurden: 
Skylge boargemaster Rob Bats
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)