Warskôging foar oplichting

05 jun 2013 - 12:08

In frou fan 59 jier út Drachten is it slachtoffer wurden fan in oplichter dy't sei dat er fan Microsoft wie. Se waard belle troch in man dy't yn min Ingelsk melde dat se in befeiligingsprogramma keapje moast omdat oars har kompjûter fêstrinne soe. Se betelle 199 euro en doe die bliken dat har kompjûter blokkeard wie. De man easke doe nochris 199 euro om dat probleem op te lossen. De frou hat ek dat bedrach betelle. Se hat oanjefte dien. De plysje warskôget tsjin oplichters dy't sizze dat se fan Microsoft binne.

Trefwurden: 
plysje oplichting warskôging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)